Burokrasy aksje FSU útsteld

04 feb 2014 - 19:34

De Feriening fan Fryske Gemeenten giet om tafel mei it FSU, it platfoarm foar minsken mei in útkearing. De partijen dogge dit nei in oprop fan it FSU oan minsken om foar alle ûnbetelle putsjes tastimming te freegjen by de gemeente of it UWV. Op fersyk fan de Feriening fan Fryske Gemeenten is de aksje no útsteld.

It FSU fynt dat de regels hieltyd stranger wurde en dat der absurde easken steld wurde. Mei de aksje woenen se de systemen fan gemeenten en UWV fêstrinne litte.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)