Buro út Delft ûntwerpt skoalle

15 mrt 2007 - 06:29

Arsjitekenburo Jeanne Dekkers út Delft sil de nije brede skoalle fan Akkrum tekenje. It gebou komt foar oan by Akkrum-East te stean en sil foar in soad minsken fan de A-32 ôf te sjen wêze. Dekkers hat yn Fryslân ûnder oare it stêdskantoar fan Ljouwert ûntworpen en twa skoallen fan de skoalmienskip Piter Jelles yn Ljouwert.

De nije skoalle yn Akkrum moat yn 2009 klear wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)