Buro past rampeplan oan

18 nov 2005 - 16:01

Weststellingwerf hiert in ekstern buro yn om it rampebestridingsplan fan de gemeente by de tiid te bringen. It plan moat oanpast wurde oan lanlike regels. Ek moat der sjoen wurde at de ferskate ôfdielings klear binne foar de helpferliening by in ramp.

It buro dat ynhierd wurdt, wurket ek yn oare Fryske gemeenten.Boppedat hat it holpen by it meitsjen fan it regionale rampebestridingsplan. Weststellingwerf is 10.000 euro kwyt oan it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)