Buro moat ruil gebieten stypje

14 maaie 2013 - 22:39
  • As de natuer begjint te bloeien, komme de pollen yn de loft

It provinsjale kavelruilburo moat ynsetten wurde foar de ruil fan lânbougrûn en natuergrûn. Dat seit de steatefraksje fan de ChristenUnie. Neffens de fraksje kinne mei help fan it buro grutte natuergebieten ynrjochte wurde, dy't boppedat goed op mekoar oanslute.

De fraksje neamt as foarbyld de Izermieden yn Achtkarspelen. Plannen om dêr natuergrûn te ruiljen foar lanbougrûn binne oant no ta fêstrûn. Mei help fan it kavelruilburo soe dat wol slagje moatte. Der moat neffens de fraksje ien behearder foar de gebieten komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)