Buro foar startende ûndernimmers

10 des 2004 - 11:54

Begjinnende ûndernimmers kinne yn Ljouwert begelieding krije. Yn gearwurking mei de NHL en it Van Hall ynstitút hat de CHN in buro dêrfoar iepene. It tal begjinnende ûndernimmers groeit hurd. Dit jier is tritich prosint mear in eigen saak begûn.

De begelieding bestiet út in coach út it bedriuwslibben, startkapitaal en in wurkplak. It buro is bedoeld foar studinten dy't hast klear binne mei har HBO of dy't it diploma krekt helle ha.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)