Buro binnenstêd nei oar plak

09 apr 2003 - 00:00

It plysjeburo yn it sintrum fan Ljouwert, oan It Hofplein, is fan woansdei ôf ticht. De plysje ferhuzet nei de Gardeniersweg, oan de râne fan it sintrum. Reden is de ferbouwing fan It Hofplein ta in nij stedshûs.

De plysje hat it nije ûnderkommen foarearst foar fiif jier kocht. Op termyn wol it Buro Binnenstêd wol wer besykje in plak binnen de stedsgrêften te finen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)