Burgumse ferwûne by oanriding

11 jun 2014 - 09:59
  • Ambulânse

In 53-jierrige frou út Burgum is tiisdeitemiddei ferwûne rekke by in oanriding op de Ryksstrjitwei yn Hurdegaryp. De frou wie troch ûnbekende oarsaak op de ferkearde helte fan de dyk bedarre. In frachtwein, dy't bestjoerd waard troch in 28-jierrige man út Hijum en in auto fan in 50-jierrige ynwenster fan Noardburgum, koene de frou net mear ûntwike en rekken fan de dyk. Sy kamen mei de skrik frij. It slachtoffer is mei ûnbekende ferwûnings mei de ambulânse nei it sikehús brocht.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)