Burgumer asylsikersbern meie bliuwe

28 mrt 2015 - 09:58
  • Bernepardon

De asylsikersbern Zuleyga (9) en Anar (11) út Burgum meie yn Nederlân bliuwe. De twa drigen mei har mem werom te moatten nei Azerbeidzjan, omdat se net ûnder it bernepardon foelen. Freed hawwe se lykwols it berjocht krigen dat se dochs in ferbliuwsfergunning krije.

Yn Burgum is de lêste wiken drok aksjefierd foar de twa. Sa is in petysje foar in ferbliuwsfergunning foar de bern troch hast 1.000 minsken tekene.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)