Burgumers wurde ynformearre oer flechtlinge-opfang

29 okt 2015 - 18:51
  • De ynformaasjemerk yn Burgum

Yn Burgum is tongersdei in ynfomerk hâlden oer de komst fan in needopfang yn it doarp. De gemeente Tytsjerksteradiel hat de ynwenners fan Burgum en omkriten útnoege om nei de merk te kommen om op ynformele wize ynformaasje te jaan oer de needopfang. Der wiene stands fan it COA, de gemeente en frijwilligersorganisaasjes. Der is keazen foar in ynfomerk yn stee fan in ynformaasjejûn, om't de gemeente gjin plenêre diskúsje fiere wol oer de opfang. In ynformele setting soe better wurkje, sa seit de gemeente.

Neffens wethâlder Doeke Fokkema fan Tytsjerksteradiel is it draachflak ûnder de Burgumers grut foar de komst fan de needopfang.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)