'Burgumermar ûnder kontrôle'

06 jan 2012 - 12:10
  • Sânsekken by de Burgumermar

De situaasje by camping Burgurmermar op rekreaasjegebiet Klein Zwitserland liket ûnder kontrôle. De hiele tongersdeitenacht en freedtemoarn binne der sânsekken delset om it hege wetter tsjin te hâlden. Dochs stiet in grut part fan de camping noch altyd ûnder wetter. Fjouwer campinggasten hawwe tongersdei gehoar jûn oan de oprop om op in oar plak te oernachtsjen.

De dyk nei de camping is noch altiten ôfsletten. Dat bart benammen om ramptoeristen tsjin te hâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)