Burgumer túnman slein yn Assen

15 maaie 2013 - 16:22
  • Burgernet

In 44-jierrige hovenier út Burgum is woansdeitemoarn yn Assen mishannele. De man wie oan it wurk yn de Nijlandstraat, doe't in 42-jierrige man út Assen opmerkings makke. Doe't de Burgumer oanjoech graach trochwurkje te wollen, waard de Drint lilk. Hy sloech de hovenier en naaide út op in scooter.

Mei help fan Burgernet en tsjûgen koe de plysje de agressive Assenaar justjes letter oanhâlde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)