Burgumer tredde by bernediktee

12 des 2010 - 11:10

De 11-jierrige Niels Boonstra út Burgum is tredde wurden by it Nationaal Kinderdictee. Hy makke trije flaters, wêrfan mar ien skriuwflater. Niels wie fergetten it wurdsje 'hij' op te skriuwen en dat telde as twa flaters. Oars hie er wûn.

Oan it Nationaal Kinderdictee diene 60 bern mei. It waard holden yn it gebou fan de Earste Keamer yn Den Haach. It programma waard sneontejûn útstjoerd.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)