Burgumer stelt auto

12 jan 2013 - 11:00
  • Plysje-embleem

Yn Burgum is freedtenacht in man fan 21 út dat plak oanhâlden, omdat er yn in stellen auto ried. De plysje krige de man yn de gaten doe't se mei in drankkontrôle oan de gong wiene op de Noordersingel. Hy foel op omdat er yn in parkearde auto siet, Doe't de plysjes derhinne soene, ried er ynienen fuort, mei de ljochten út. De plysje koe de auto op de Kolfbaan oan de kant sette. Ut kontrôle die doe bliken dat de auto earder dizze wike stellen wie yn Drachten. De auto waard yn beslach naam, de fertochte is meinaam nei it buro.

De man hat dyselde nacht mooglik ek besocht om yn te brekken yn in fytsesaak oan de Noordersingel. Dêr moat er noch oer heard wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)