Burgumer sintrale wurdt fernijd

02 maaie 2006 - 10:48

De stoomtsjettels yn de elektrisiteits-sintrale fan Burgum wurde ein dit jier opknapt. Se wurde útinoar helle en neisjoen. Ein ferline jier knapte ien fan de liedingen yn de 30 jier âlde tsjettels troch slitaazje. Dêrby rekke ien persoan ferwûne.

Yn de tsjettels leit 360 kilometer oan liedingen. Dy wurde op syn minst ien kear yn de twa jier ûndersocht. At de tsjettels fernijd binne kinne se noch seker 10 jier mei.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)