Burgumer oanhâlden yn Grins

12 apr 2015 - 10:57

Yn Grins is sneontenacht in 44-jierrige man út Burgum oanholden. De man woe in kafee yn de Peperstraat yn, mar waard troch de befeiliging tsjinhâlden om't er te dronken wie. Dêrnei gong er tekear en bedrige de befeiliger mei de dea. De Burgumer is oermastere en troch de plysje meinommen nei it buro.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)