Burgumer naait út foar plysje

19 nov 2006 - 15:30

In automobilist (32) út Burgum is sneontejûn útnaaid foar de plysje. Dy woene him stilsette omdat ien koplampe stikken wie. Dat wie op de Legewei yn Burgum. De man ried hurd nei syn eigen hûs en de plysje gong der efteroan.

By syn wenning ried er noch efterút tsjin de plysje-auto oan. De Burgumer wegere út de auto te kommen. Doe't dat dochs slagge waard er agressyf. De man hie te folle dronken, dus waard syn rydbewiis ynnommen. De man sit fêst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)