Burgumer ferwûne by oanriding

14 feb 2010 - 13:32

In Burgumer (20) rekke yn 'e nacht fan sneon op snein slim ferwûne by in iensidige oanriding op de Noardersingel yn syn wenplak. De auto wie bedarre dêr yn de tún, doe't de plysje de man achterfolge fanwege te hurd riden.

De bestjoerder siet swier ferwûne fêst yn de auto en moast troch de brânwacht befrijd wurde. De man waard swier ferwûne oerbrocht nei it UMCG yn Grins. Fan de man waard ek in bloedproef ôfnommen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)