Burgumer feroardiele ta 8 jier foar sjitterij op de Weaze

12 feb 2015 - 17:06

In 20-jierrige man út Burgum is tongersdei troch de rjochtbank feroardiele ta acht jier sel foar de sjitpartij op de Weaze yn Ljouwert, yn july ferline jier. Derby rekke in 39-jierrige man út de gemeente Súdwest-Fryslân ferwûne.

Neffens de rjochter hannele de fertochte, dy't yllegaal yn Nederlân is, koelbloedich en wie hy yn it foar al fan doel om op syn slachtoffer te sjitten. It slachtoffer waard nei de sjitterij operearre. Oanlieding foar de sjitterij wie in rûzje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)