Burgumer dieven oanholden

30 aug 2011 - 10:18

In man en frou út Burgum binne moandei oanholden nei't se guod út in supermerk oan de Tynjedyk yn Ljouwert stellen hiene. De frou ferstoppe it guod yn har legging, dy't oan de ûnderkant mei plakbân tichtmakke wie. Se hie in wide rok oan om it te ferbergjen.

Meiwurkers holden it stel, 27 en 31 jier, yn de gaten om't se earder wat stellen hiene. Doe't se mei in leech kuorke by de kassa kamen, binne se oanholden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)