Burgumer bekent moard Drachtster

12 sep 2002 - 00:00

In ynwenner fan Burgum hat tajûn it wykein in 37-jierrige Drachtster delstutsen te hawwen. Dy ferstoar troch messtekken. Ek de beide oare fer- tochten, in man en in frou út Burgum, soene by de stekpartij belutsen wêze.

By de 3 is hússiking dien. Dêrby binne klean meinaam dy't de fertochten by de moard oanhiene. Wêrom't de 3 de Dracht- ster delstutsen hawwe is net dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)