Burgumer (37) delstutsen

31 maaie 2008 - 14:04

Yn Burgum is sneontemoarn om seis oere in man út Damwâld oppakt. Hy soe yn in wente oan 'e Boargemaster Steenhuisenleane in Burgumer fan 37 jier delstutsen hawwe.

It slachtoffer is swier ferwûne nei it sikehûs brocht. De fertochte waard oanhâlden yn 'e omkriten fan it plysjeburo fan Burgum. Hy hie it mes noch by him. De plysje hat de wente ûndersocht en in buertûndersyk dien.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)