Burgum wol keunstgersfjild

25 jan 2014 - 12:47
  • It fjild fan BCV dat ferdwine moat troch útwreiding fan it AZC

De fuotbaklups BCV en vv Burgum kinne libje mei it ferlies fan ien fan de fjilden op sportpark Het Koningsland troch útwreiding fan it AZC, mar dan moat der wol in keunstgersfjild foar yn it plak komme. Dat seit foarsitter Age Kramer fan BCV. Yn it AZC wenje no 450 minsken. Mei de nijbou komme dêr nochris 150 bewenners by.

De klups hawwe no mei-inoar acht fjilden, dy't yntensyf brûkt wurde foar trainingen en wedstriden. As der keunstgers komt op ien of mear fjilden, is dat in útkomst, omdat keunstgers faker brûkt wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)