Burgum wol grienste doarp wurde

07 jul 2006 - 10:49

Burgum docht mei oan de striid om de titel 'grienste doarp fan Nederlân'. De winner fan dizze Nederlânske kompetysje docht takom jier mei oan de Europeeske striid.

In sjuery besjocht Burgum op 28 july. Se sjogge nei plantsoenen yn it plak en it lânskip om it doarp hinne. De sjuery sil ek prate mei minsken dy't mear witte oer it iepenbier grien yn de gemeente Tytsjerksteradiel.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)