'Burgum te ambisjeus'

09 sep 2013 - 19:37

Burgum hat tefolle ambysje. Dat seit saakkundige Hildegard Assies. De slogan 'Burgum heeft meer' kloppet folslein net, sa seit sy. Der is neat mear as de winkels dy't der binne.

Assies docht yn opdracht fan de Keamer fan Keaphannel ûndersyk nei winkelgebieten yn stêden en doarpen yn Fryslân. Neffens Assies moat Burgum foaral bliuwe sa't it is. In doarp der't je goed wenje kinne mei genôch foarsjennings. Neffens har is Burgum net mear as dat. Earder ûndersocht Assies mei har team al de binnenstêden fan Ljouwert, Harns en Dokkum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)