Burgum stiet trije dagen bol fan de mearkes

13 okt 2015 - 16:36

Yn Burgum is fan 22 oktober ôf in mearkefestival fan trije dagen. It is foar it earst dat dat organisearre wurdt. It festival stiet yn it ramt fan streekferhalen, mar der is ek romte foar nij wurk: ferhalen dy't skreaun binne foar in wedstryd. Mei it nije ferhalefeest wol de Burgumer aktiviteitekommisje de Burgumers tichteby elkoar bringen.

De ferhalen wurde foarlêzen yn de etalaazjes fan winkels.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)