Burgum Staalbouw mooglik fallyt

12 maaie 2003 - 00:00

Burgum Staalbouw kin syn skulden net mear betelje. Om in fallisemint foar te kommen hat it bedriuw by in part fan de skuldeaskers om kwytskelding frege. Wurkje dy dêr net oan mei dan giet it bedriuw fallyt.

Miskommunikaasje en in ynskattingsflater by in grutte oarder binne de redenen dat it bedriuw yn finansjele swierrichheden rekke is. By Burgum Staalbouw wurkje op dit stuit goed fiifensantich minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)