Burgum krijt Havo-boppebou

23 jun 2009 - 10:33

It bestjoer fan skoalmienskip Liudger is moandei akkoart gien mei it plan om op de lokaasje yn Burgum ek havo-boppebou ûnderwiis te jaan. No kinne havisten allinnich de earste, twadde en tredde klasse yn Burgum dwaan.

Foar it fjirde en fiifde skoaljier moatte se no nei it Liudger yn Drachten ta. Ut ûndersyk hat bliken dien dat learlingen en âlders foar in havo-boppebou yn Burgum binne. De meisizzenskipsried sil tiisdei noch prate oer it plan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)