Burgernetmail wurdt troch mearderheid wurdearre

15 mrt 2016 - 20:58
  • Burgernet

In grutte mearderheid fan de minsken dy't in burgernetmail krijt, hat it gefoel dat se in bydrage leverje oan de feilichheid yn harren buert. Dat docht bliken út in enkête fan Burgernet Noard-Nederlân.

Fan de minsken dy't de enkête ynfolle hawwe, fynt dêrneist it grutste part it fijn om op de hichte hâlden te wurden fan de ynsidinten yn de wenomjouwing. De tips dy't Burgernet jout, wurde net altiten wurdearre. In lytse mearderheid jout nammentlik oan dat se net in soad mei de tips kinne.

Sa'n 4.500 minsken hawwe de enkête oer Burgernet ynfolle. De enkête waard hâlden om de tsjinst ferbetterje te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)