Burgernet yn mear gemeenten

27 jan 2010 - 16:51

Ynwenners fan tsien Fryske gemeenten wurdt yn april frege om mei te dwaan oan Burgernet. Dat is it netwurk wêrmei't de plysje minsken fia de telefoan benaderet om út te sjen nei bygelyks oerfallers of fermiste bern.

It netwurk is al in skoft aktyf yn Ljouwert en Dantumadiel en soarget der geregeld foar dat fertochten oanhâlden wurde kinne. De plysje wurket der oan om Burgernet breder yn Fryslân yn te setten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)