Burgernet werkenber yn byld

28 jan 2011 - 20:12

Burgernet bellet fan 1 febrewaris mei in nûmer dat werkenber is. It giet dan om it nûmer 0343-529850. Op dizze wize is de ferwachting fan de plysje dat noch mear minsken meidwaan sille oan in aksje as se in oprop krije. Omdat it nûmer no net werkenber is, nimme yn guon gefallen de dielnimmers de tillefoan net op.

Troch it 0343 nûmer op te slaan yn de tillefoan is it dúdlik dat der in oprop is fan Burgernet.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)