Burgernet skriuwt 10.000ste yn

16 okt 2008 - 10:07

De plysje hat woansdei de tsientûzenste dielnimmer oan Burgernet ynskreaun. It giet om in ynwenster fan De Westereen. Sy melde har dizze wike fia ynternet oan.

Yntusken hawwe sa'n twatûzen Friezen har opjûn as dielnimmer oan Burgernet. Goed 500 fan har komme út de gemeente Dantumadiel. De oaren komme út Ljouwert. Yn dizze beide gemeenten is it winnen foar Burgernet 1 oktober begûn. Fan 7 novimber ôf giet Burgernet de loft yn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)