Burgernet no ek op it wetter

30 jun 2010 - 16:58
  • Boargemaster Apotheker jout it startsein foar 'Burgernet op it wetter'

Der is in nije fariant fan Burgernet, want tenei is it ek op it wetter. Yn Fryslân wurdt Burgernet útwreide nei it marregebiet. Burgernet is in systeem dat mei in sms-ke freget om út te sjen nei minsken dy't socht wurde troch de plysje. Boargemaster Apotheker fan Snits joech woansdei it startsein foar wetter-Burgernet.

Yn de simmermoannen komme in soad wettersporters nei Fryslân en dêrom is it foar it tafersjoch wichtich dat Burgernet ek op it wetter wurket.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)