Burgernet docht wer fertuten

15 des 2009 - 14:31

In hiele snelle Burgernetaksje hat derfoar soarge dat de plysje in blauwe Golf mei ynsitters oanhâlde koe, nei in melding fan in mooglike gizeling.

In tsjûge seach hoe't in man mei geweld de auto yntreaun waard yn de omkriten fan de Wybrand de Geeststrjitte yn Ljouwert en belle dalik 112 mei in dúdlik sinjalemint. Dêrop skeakele de plysje de minsken yn dy 't oansletten binne by Burgernet om út te sjen nei de auto.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)