Burdaard lit eigen bus ride

29 okt 2012 - 10:25

Burdaard hat wer busferfier. Yn it doarp is moandeitemoarn betiid de Omnibus offisjeel yn gebrûk naam. Frijwilligers sille derôp ride. It buske sil benammen ride tusken it doarp en de bushalte by Stiennendaam. It ferfiersmiddel wurdt ek ynset om âlderein nei de deibesteging yn soarchsintrum Foswert yn Ferwert te bringen.

It projekt is in inisjatyf fan Doarpsbelang Burdaard. De provinsje betellet der twa jier oan mei by wize fan proef. Deputearre Johannes Kramer wie moandei by de start oanwêzich.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)