'Buorren yn Langwar net ôfslute'

02 maaie 2004 - 00:00

De Buorren yn Langwar wurdt yn de simmer net wer ôfsletten, as it oan it kolleezje fan B en W fan Skarsterlân leit. Om fakânsjegongers mear romte te jaan wie de winkelstrjitte ferline jier net tagonklik foar auto's. Dat wie in eksperimint.

De gemeente hat oan winkellju frege wat se fan de ôfsluting fûnen. Ek pleatselik belang hat syn miening jûn. It die bliken dat der gjin draachflak bestiet foar de ôfsluting.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)