Buormannen op de fûst om lûdsoerlêst

19 feb 2015 - 10:46

In 22-jierrige Ljouwerter is woansdeitejûn oanhâlden nei't hy ferhaal helje woe by syn 32-jierrige buorman oan de Sweelinckstrjitte. Dy hie efkes derfoar de plysje belle om't de 22-jierrige lûdsoerlêst feroarsake. De man krige hjir in bekeuring foar.

Hy gie dernei nei syn buorman om ferhaal te heljen. Der ûntstie in wrakseling werby't de 32-jierrige man mishannele waard troch syn buorman. It slachtoffer alarmearre de plysje op 'e nij.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)