Buorman keapet it Wiid

19 jan 2004 - 00:00

It fallite rekreaasjesintrum en bungalowpark it Wiid yn Earnewâld hat in nije eigner. It is de buorman: camping It Wiid, dy't eigendom is fan Ton en Hans Bleckman. De bruorren moatte goed 2,1 miljoen euro betelje foar it park.

Oer de takomst fan 'e 93 meiwurkers dy't op 't heden thús sitte is noch neat bekend. Eigner Hans Bleckman tinkt dat camping en bungalowpark as ien gehiel wol rendabel te meitsjen binne.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)