Buorman AZC Balk stapt nei de rjochter

27 aug 2015 - 08:41

De buorman fan it takomstige AZC oan de Wikelerdyk yn Balk stapt nei de rjochter om de komst fan dat AZC te kearen. Dat sei hy woansdeitejûn, nei ôfrin fan de riedsgearkomst oer it AZC. De gemeenteried fan De Fryske Marren hat woansdei unanym foar dat AZC stimd. It AZC krijt 500 bewenners.

Buorman De Winter hat in boerebedriuw njonken it AZC. Hy is benaud dat syn bedriuw op slot komt te stean en dat de bewenners der lêst fan hawwe sille. Hy fielt him bûtenspul setten troch de boargemaster en de ried.

De Winter hie de stille hoop dat der dochs foar in oare lokaasje, oan de Houtdyk keazen wurde soe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)