Buorkje op âlde pleats stypje

01 jul 2009 - 15:28
  • De foarbyldpleats by Idzegea; in kombinaasje fan âld en nij

Modern buorkje op in histoaryske pleats: hoe dogge jo dat? It projekt Frysk boerespul wol boeren der oer ynformearje. Woansdei is dêrfoar de lêste fan trije foarbyldpleatsen iepene yn Idzegea.

Dizze pleats is de ôfrûne trije jier modernisearre mei behâld fan it âlde. De boer krige in fyfde part fan 'e kosten fan in heal miljoen út sybsydzjes. De âlde pleats wurdt no brûkt as jongfeestâl. Oare boeren kinne no yn Idzegea komme te sjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)