Buorkje mei mear takomst

15 nov 2005 - 07:47

It Nederlands Agrarisch Jongeren Kontakt NAJK komt mei in nij projekt om jonge boeren better takomstperspektyf te jaan. 'Scoren met nieuwe wegen' set woansdei útein mei in grut sympoasium yn it Abe Lenstra-Stadion op it Hearrenfean.

Ferskate sprekkers sille dan fertelle hoe't sy in bedriuw opsetten ha of hoe se gearwurkje mei oare ûndernimmers. Jonge boeren mei ideeën kinne mei spesjalisten in businessplan meitsje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)