Buorkerij Grutte Pier opnij boud foar teaterstik

13 jan 2015 - 20:18

Yn Kimswert wurdt drok wurke om it 'Langhûs' wer op te bouwen. Dit is de buorkerij fan Pier Gerlofs Donia, better bekend as Gruttte Pier. It is dit jier 500 jier lyn dat soldaten fan Albrecht van Saksen de buorkerij fan Pier, dy't yn it ferset siet, plunderen en yn brân stutsen. De frou en dochter fan Pier kamen hjirby om it libben.

Grutte Pier wurdt yn Fryslân sjoen as held, mar fijannen sa as de Hollanners en Spanjerts, sjogge him as in wrede piraat. Op 29 jannewaris wurdt de plundering betoch mei muzyk en teater.

It 'Langhûs' sil dêrby yn brân stutsen wurde. Tiisdei waard by de opbou it heechste punt berikt. Deputearre Jannewietske de Vries sette de Fryske flagge op it heechste punt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)