Buorden fytsrûtes min te lêzen

04 maaie 2011 - 16:56

It fytsrûtenetwurk yn Noardwest Fryslân leit der min by. Knooppuntbuorden ûntbrekke of binne hast net mear te lêzen, om't se ferblikt binne troch de sinne.

Stifting Doarp en Bedriuw Fryslân is no noch ferantwurdlik foar it ûnderhâld, mar dat sil nei alle gedachten fan july ôf ûnder ferantwurdlikheid fan de Marrekrite falle. De rûte sil noch hielendal kontrolearre wurde om te sjen wat der ferfongen wurde moat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)