Buorden foar feilich reedriden

05 des 2007 - 06:47
  • As der iis komt binne se der yn Weststellingwerf goed op taret (foto Lenus van den Broek)

De Iiswegesintrale Westellingwerf hat spesjale buorden meitsje litten. Doel is om it reedriden feiliger te meitsjen as der iis yn de fearten leit. Op de buorden komt te stean dat it 'Buiten de banen levensgevaarlijk' is. De feilige stikken wurde mei linten ôfset.

Fierder hat de iiswegesintrale in loads kocht dêr't al it materieel yn opslein wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)