Bûnsburo fan KNKB is iepene yn Frjentsjer

25 nov 2015 - 21:10

It bûnsburo fan it keatsbûn is wer werom yn it 'keatsmekka' fan Fryslân. It nije plak fan de KNKB yn Frjentsjer is woansdeitejûn feestlik iepene troch wethâlder Twerda fan de gemeente Frjentsjerteradiel. It gebou yn de keatsstêd is neist it Sjûkelân en flakby it plak dêr't it keatsmuseum hinne sil. Troch de ferhuzing is it makliker om kontakt te hâlden mei de keatsers, de PC kommisje en it keatsmuseum.

It bûnsburo ferhuze yn de simmer fan 2010 nei It Hearrenfean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)