Bûnsburo fan KNKB giet werom nei keatsstêd Frjentsjer

16 sep 2015 - 16:08

It Bûnsburo fan keatsbûn KNKB giet werom nei Frjentsjer. Dat soe al, mar it kin no earder as ferwachte. It plak oan de Sjaardemastrjitte is ein dit jier al beskikber. It bestjoer sit no op It Hearrenfean en moast dêr wei.

It gebou yn de keatsstêd is neist it Sjûkelân en flakby it plak dêr't it keatsmuseum hinne sil. Troch de ferhuzing is it makliker om kontakt te hâlden mei de keatsers, de PC kommisje en it keatsmuseum. Nei wat ferbouwingen kin yn novimber ferhuze wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)