Bunkers Waadeilannen tagonklik

22 aug 2014 - 11:26

De provinsje Fryslân en it Waadfûns stekke de komende jierren goed oardel miljoen euro yn it tagonklik meitsjen fan âlde Dútske bunkers op de Waadeilannen. It giet om Dútske bunkers dy't yn de Twadde Wrâldoarloch oanlein binne om de alliearden tsjin te hâlden.

De bunkers binne ûnder oaren te finen op Flylân, Skylge en Skiermûntseach. Foar in grut part binne se op it stuit net tagonklik foar it grutte publyk. De ynvestearring dy't no dien wurdt moat dêr feroaring yn bringe. Freed wurdt it startsein jûn yn in âlde bunker op Skylge.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)