Bunkers fuort foar oanlis Heak

07 okt 2013 - 09:41
  • Sylsterdyk Ljouwert

De bunkers yn it lân lâns de Sylsterdyk by Ljouwert wurde dizze wike opromme. Se moatte plak meitsje foar de Heak om Ljouwert. De bunkers steane der al sûnt de twadde wrâldoarloch. Se wiene ûnderdiel fan de ferdigening fan de fleanbasis dy't doetiids twa kear sa grut wie. Mar no wurde se fuorthelle.

Neffens projektlieder Anne de Jager kin it net oars. De bunkers steane yn it trasee fan de nije dyk en binne ek foar in part boppegrûns. Hy ferwachtet gjin grutte problemen by it fuortheljen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)