Bunker Tsjummearum mei plat

22 okt 2008 - 15:51

De gemeente Frjentsjerteradiel giet akkoart mei de sloop fan de bunker yn 'e seedyk by Tsjummearum. It is de lêste oarlochsbunker yn de Fryske seedyk. Hy is fan Wetterskip Fryslân, mar dy wol him ôfbrekke, omdat it dak op ynstoarten stiet. Jild foar in opknapbeurt hat it Wetterskip net.

Fanút de omkriten wie der wol ferset tsjin de sloop, mar de gemeente hat oant no ta gjin beswierskriften krigen tsjin de sloopfergunning. Dêrom is de fergunning ôfjûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)