Bunker kommandopost Grou bliuwt ticht fanwege asbestgefaar

05 mrt 2016 - 11:47
  • De bunker fan Grou bliuwt ticht omreden fan asbest
  • Roelof van Gelderen, manager fan de bunker fan Grou

De meiwurkers fan de saneamde 'Kommandopost Grou' binne net bliid. De eardere kommandopost, dy't ek bekend stiet as BB-bunker, soe wer iepengean foar publyk, mar dat giet omreden fan asbestgefaar net troch. Dat is ekstra sneu, omdat de bunker dizze kear foar it earst iepengean soe mei in museumstatus. Oan it begjin fan dit jier hat de bunker dy status krigen.

It is net wis oft der ek echt asbest yn de bunker fan Grou sit. Yn soartgelikense bunkers op oare plakken yn Nederlân sit wol asbest.

De bunker yn Grou is ea boud om it provinsjebestjoer yn tiden fan Kâlde Oarloch beskerming te bieden. By in atoomoarloch soene se feilich wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)