Bunker Koehoal wurdt opknapt

16 apr 2011 - 15:01
  • Foto's: Omrop Fryslân

De bunker by Koehoal by Tsjummearum kin lang om let opknapt wurde. It jild foar dêrfoar is no byelkoar brocht. Twa jier ferlyn waard de bunker fan de sloop rêden. De gemeente Frjentsjerteradiel, de provinsje, it Wetterskip en Stichting Fonds Nij Bethanië hawwe 40.000 euro opbrocht.

De renovaasje set ynkoarten útein. Op 1 oktober, foar it stoarmseizoen, moat it wurk dien wêze. Sneon wie de bunker iepen foar publyk. Op panielen wie ynformaasje te lêzen oer de oarloch.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)